Provinsje stipet 'Stout Konijn' op Flylân mei 27.000 euro

10 des 2018 - 16:03

Stichting Great Wide Open Vlieland krijt 27.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns. Mei dat jild sille sy in boartersplak kreëarje by it ferhaal fan 'Stout Konijn', in bekend ûnderdiel fan it festival. Stout Konijn is ien fan de 15 projekten op de Waadeilannen dy't jild krije fan it fûns.

Foto: Omrop Fryslân

It projekt is betocht as ûnderdiel fan it 10-jierrich jubileum fan it Flylanner festival Into the Great Wide Open en is in betankje oan it eilân foar de gastfrijens. Stout Konijn is in knyn dy't je hast noait sjogge, mar wol oeral keutels achterlit. It hiele projekt kostet byinoar 70.000 euro.

Gearwurking

It plan foar it boartersplak is makke yn gearwurking mei lokale belangstellenden en oare partijen, wêrûnder Staatsbosbeheer, Bredeschool de Jutter en boarterstúnferiening KDSO. De stichting hopet it boartersplak yn maaie 2019 te iepenjen. It 'Hol van Stout Konijn' soe dan feestlik iepene wurde kinne by it festival Here Comes The Summer.

Oare projekten

Oare projekten op de Waadeilannen dy't jild krije fan it Iepen Mienskipsfûns binne in opknapbeurt foar in iepenbier toiletgebou yn de jachthaven op It Amelân (35.000 euro) en AVV krijt 17.000 euro om de fjildferljochting te fernijen. Mei elkoar ynvestearret it Iepen Mienskipsfûns sa'n 650.000 euro yn de leefberens op de Waadeilannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)