Friezen skriuwe yn maraton foar froulike aktivisten

10 des 2018 - 15:49

Elkenien dy't dat wol, kin moandei yn dbieb yn Ljouwert in brief skriuwe foar in frou dy't ûnrjocht oandien is. Amnesty International organisearret dêr in 'skriuwmaraton'. De aksje 'Write for Rights' wurdt hâlden yn it ramt fan de ynternasjonale dei fan de minskerjochten.

Foto: Omrop Fryslân

Der wurden brieven skreaun foar froulike minskerjochte-aktivisten oer de hiele wrâld, want froulju dy't harren nekke útstekke krije neffens Amnesty International noch faker te meitsjen mei (seksuele) yntimidaasje, lasterkampanjes en ferkrêfting as manlju.

Iran

Amnesty hat foar de skriuwers acht froulju selektearre dy't neffens har stipe brûke kinne. Ien fan har is de 30-jierrige Atena Daemi út Iran. "Zij schreef kritisch op Facebook en Twitter over executies en daarvoor kreeg zij zeven jaar gevangenisstraf. Zij werd dus opgesloten vanwege haar mening. We willen de Iraanse autoriteiten door middel van brieven vragen voor haar vrijlating", seit Alex Jellema fan Amnesty Ljouwert.

De skriuwmaraton hat yn it ferline al in soad resultaat oplevere. "We weten uit ervaring dat onze actie helpt. Het gebeurt dat mensen door onze brieven na verloop van tijd vrijkomen. Dat lukt helaas niet in alle gevallen, maar soms lukt het dan bijvoorbeeld wel om een gevangene over te laten plaatsen naar een gevangenis met betere omstandigheden", leit Jellema út.

Trijehûndert brieven en kaarten

Om twa oere middeis wiene der al mear as trijehûndert brieven en kaarten yn de postbus dien. Ien fan de skriuwers is Hans Flaman fan Menaam. Hy hat foar alle acht de froulju in brief skreaun. "Ik houd er elk jaar op 10 december rekening mee dat ik twee uurtjes ga schrijven. Ik vind het heel erg belangrijk, het werkt en ik vind het heel leuk om te doen", seit Flaman.

Ien ferhaal sprong der foar de Menamer it meast út. "De vrouw die in Brazilië vermoord is, vind ik heel erg. Dat gebeurt daar ook heel vaak. Maar uiteindelijk zijn het allemaal schrijnende gevallen. Als ik dan zit te schrijven dan denk ik ook: wat hebben we toch eigenlijk een goed land hier."

Brazilië

Ek Jerien van den Haak fan Wytgaard wie it meast oandien troch it ferhaal fan de Braziliaanske Marielle Franco. De politika waard yn maart fan dit jier fermoarde. Sy sette har yn foar de rjochten fan earmen, de Afro-Braziliaanske jeugd, froulju en LHBTI's.

"Dat schokte me heel erg. Ik heb een kaartje gestuurd naar de mensen die nog wel leven en met haar streden. Met de nieuwe president in Brazilië heb ik ook niet het idee dat het daar beter gaat worden, dus dat verhaal is me wel bijgebleven", seit Van den Haak.

Minsken dy't net yn de gelegenheid binne om moandei noch nei dbieb te gean, kinne op de webside fan Amnesty Ljouwert terjochte foar mear ynformaasje om bygelyks noch in brief te skriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)