Polyklinyk Emmeloord slút; Snits ûnderhannelet oer oernimmen soarch

10 des 2018 - 15:33

De polyklinyk fan de Iselmarsikehûzen yn Emmeloord is fuortendaliks ticht, der kinne gjin pasjinten mear terjochte. Dat seit in wurdfierder fan de fallite MC groep, dêr't de polyklinyk ûnder falt.

Foto: Omrop Fryslân

It Antonius Sikehûs yn Snits is yn ûnderhanneling oer it oernimmen fan de soarch yn Emmeloord. Yn de tuskentiid kinne pasjinten, dy't oars dêr behannele waarden, nei it sikehûs yn Lelystêd. Oft dat sa bliuwt, hinget ôf fan de ûnderhannelingen mei it Antonius Sikehûs.

De pasjinten dy't yn Emmeloord behannele waarden, hawwe in brief krigen dêr't se mei trochferwiisd wurde. "Geen ideale situatie, daar zijn we ons van bewust. Maar we zijn failliet", seit de wurdfierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)