Comenius docht oprop om bern net foar skoalle ôf te setten

10 des 2018 - 15:21

Alden mei bern op de lokaasje Mariënburg fan skoallemienskip Comenius yn Ljouwert moatte har bern net foar de doar fan skoalle ôfsette, as se har mei de auto bringe. Dat skriuwt de direkteur yn in brief oan de âlden.

Foto: Google Street View

De skoalle begrypt dat minsken de bern in lift mei de auto jouwe, mei it kâlde en wiete waar. Mar it soarget foar oerlêst foar omwenners en der ha ek al in pear kear hast ûngelokken west, omdat de strjitte Achter de Hoven sa smel is.

De direkteur freget âlden dêrom om de bern op in oar plak ôf te setten.

Trefwurden: 
Ljouwert skoalle Mariënburg
(advertinsje)