Arriva lansearret 'Zero Emissie'-bussen yn Ljouwert

10 des 2018 - 14:56

Ferfierder Arriva wol - as it kin - alle bussen yn hiel Nederlân yn 2023 ferfongen ha troch elektryske bussen. Dat sei Arriva-direkteur Anne Hettinga moandei yn Ljouwert by de presintaasje fan in tal nije elektryske bussen.

Arriva lansearret 'Zero Emissie'-bussen yn Ljouwert

De doelstelling fan Arriva is noch ambisjeuzer as dy fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dy ôfspraak giet út fan skjin iepenbier ferfier yn 2025. Arriva is dêrmei akkoart. Mar as it oan Hettinga leit bart dat noch earder.

Kanttekening by ambysjes

Deputearre Johannes Kramer makket wol in kanttekening by de ambysjes fan Provinsjale Steaten. Ut in rapport docht bliken dat foar hielendal skjin iepenbier busferfier 10 miljoen euro yn it jier ekstra nedich is.

Oplader boppe de bus - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Kramer is derfoar dat dat jild frijmakke wurdt. As dat jild der net komt, krijt de kwaliteit fan it iepenbier ferfier lêst fan de miljeuambysjes fan de provinsje. Der moatte dan bygelyks buslinen skrast wurde.

Ek stiller

Neffens Hettinga binne elektryske bussen in goed en duorsum alternatyf foar disel- en gasbussen op stedslinen en koarte streeklinen. Uteinlik is it de bedoeling dat se ek op langere trajekten ynset wurde. Mar dêr is de technyk noch mei dwaande. Elektryske bussen drage net allinnich by oan CO2-neutraal reizgje, se binne ek stiller. De hiele float fan Arriva yn Nederlân bestiet út 1500 bussen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)