UPDATE: Stoflik omskot op It Hearrenfean is fan fermiste man

10 des 2018 - 18:46

Yn it sintrum fan It Hearrenfean is moandeitemiddei in stoflik omskot fûn. Omstanners fûnen om 13.45 oere yn it wetter oan it Breedpad yn lichem. De plysje hie in diel fan it sintrum yn de buert fan de Kolk-grêft ôfset.

Foto: CAMJO Media

Nei ûndersyk fan de resjerzje die bliken dat it lichem fan in man fan It Hearrenfean is, dy't sûnt snein fermist wie.

(advertinsje)