Erwin Zeinstra nei Oekraïne foar Champions League-duel

10 des 2018 - 14:15

Erwin Zeinstra fan Dronryp is oankommende woansdei grinsrjochter by it Champions League-duel tusken Sjachtar Donetsk en Olympique Lyon. Hy assistearret dan skiedsrjochter Björn Kuipers, dy't de lieding hat by de wedstriid. It duel wurdt spile yn de Oekraynske haadstêd Kiev. Fjirde official is Ljouwerter Mario Diks.

Erwin Zeinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

It duel yn groep F wurdt yn ferbân mei oanhâldende ûnrêst yn East-Oekraïne spile yn de haadstêd Kiev. Beide ploegen kinne noch trochgean nei de achtste finales fan it toernoai.

Zeinstra foarmet mei kollega-assistent Sander van Roekel en Björn Kuipers in fêst team. It is net foar it earst dat it team aktyf is yn de Champions League. Ek hie it team yn 2014 de lieding oer de finale fan it toernoai.

Noch gjin Europeesk pensjoen

Foarige wike waard al bekend dat Zeinstra mooglik noch in ynternasjonaal eintoernoai meimeitsje sil. Syn team is frege om yn elts gefal oant it EK fan 2020 ynternasjonaal aktyf te bliuwen.

Jan de Vries

Ek Gytsjerker assistint-skiedsrjochter Jan de Vries is dizze wike aktyf yn Europa. Hy reizget ôf nei it Frânske Rennes om skiedsrjochter Serdar Gözübüyük tongersdei te assistearjen by de Europa League-wedstriid tusken Stade Rennes en FC Astana.

(advertinsje)