Brânwacht tolerearret 'aaismytynsidint' yn Snits net

10 des 2018 - 14:12

De brânwacht siket minsken dy't mear fertelle kinne oer it bekûgeljen fan in heechwurker dy't snein ûnderweis wie nei in brân yn Snits. Unbekenden smieten aaien nei de heechwurker.

brânwacht bekûgele mei aaien

Ien wie oan it laskjen yn in garaazje oan de Van Anholt Dessaustrjitte yn Snits. Mooglik is dêrtroch de brân ûntstien. De heechwurker is úteinlik net ynset, mar wol mei aaien bekûgele.

De brânwacht tolerearret ditsoarte fan streken net. No't de feestdagen deroan komme, wolle se strang tsjin optrede tsjin lju dy't de brânwachtminsken yn gefaar bringe, al sjogge se dit aaismytynsidint wol as in 'kweajongestreek', seit wurdfierder Rutger de Groot.

Gjin oanjefte

Se dogge gjin oanjefte, mar se wolle wol in pittich petear mei dyjingen dy't der foar ferantwurdlik binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)