Primeur op de Noard-Nederlânske Lânboubeurs: der komme ek bisten

10 des 2018 - 13:37

Op de Noard-Nederlânske Lânboubeurs yn Ljouwert steane fjouwer beurshallen fol mei primeurs en mear as 200 merken en produkten. Ek kinne besikers workshops en lêzingen folgje. Foar it earst dit jier binne der ek echte bisten op de beurs. Der binne krúslingkeallen fan it fokkerijkonsept ProCROSS.

In trekker oan it ploegje - Foto: Shutterstock.com

Op it nije opsette plein 'Jong Gebruikte Machines' binne trekkers en masines fan ferskate oanbieders tusken de ien oant tsien jier âld.

Op de útferkochte beurs binne stands op it mêd fan stâlynrjochting, melktechnyk, lânboumasines en reau, finânsjes, bou, gewaaksbeskerming en bistefretten.

De beurs is fan 12 oant en mei 15 desimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert lânboubeurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)