Fryske kok Gerben Land wint sulver op ynternasjonale wedstriid

De Fryske kok Gerben Land hat mei in team fan sjefs sulver wûn by de Culinary World Cup yn Lúksemboarch. Mei fiif oare koks fan Culinary Team The Netherlands soarge er foar in waarm neigesetsje.
© Omrop Fryslân
Dat bestie út in yochurtmousse mei limoencremeux, in fanylje-kanielsabayon en mango. Se moasten binnen seis oeren 110 neigesetsjes meitsje. In ynternasjonale sjuery beoardiele it mei it twadde plak.
Oan de wedstriid dienen 42 lannen mei. De kok is wiis mei de priis: "Net samar elkenien wit sulver te heljen op sa'n nivo, ik bin hiel grutsk op ús team", seit Gerben Land.
Hy wurket as kulinêr adviseur by Sligro Food Group en hat mei syn frou ek de B&B en teeskinkerij 't Landschap yn Boelensloane. As kok reizge er de hiele wrâld oer.
© Omrop Fryslân