Rykswettersteat hat oare alternativen foar dykfersterking op Flylân

10 des 2018 - 12:36

De Waadseedyk op Flylân kin oars fersterke wurde as mei de earder presintearre oplossing mei in 'golfmuorre'. Troch bettere ynsichten yn de wetterstannen en weagen op de Waadsee is in alternatyf sûnder sa'n muorre op de dyk en sûnder dykferheging mooglik.

Foto: Rykswettersteat

Der binne minder yngripende alternativen om it eilân foar de kommende 50 jier feilich te meitsjen.

"Een alternatief is een buitenwaartse versterking, deze variant presenteren we ook aan de bewoners, net zoals we hebben gedaan met de golfmuur-variant voor de zomer. Er is nog een variant, wel een golfmuur maar dan met de groenstrook aan de bovenkant", leit Laura Dijkman fan Rykswettersteat út.

By it kiezen fan de dykfersterking sjocht Rykswettersteat net inkeld nei de kosten. "Die spelen een rol, maar we kijken ook naar de ruimtelijke kwaliteit, hoe past het binnen het landschap, is het maakbaar en is het uit te breiden bij verdere stijging van de zeespiegel."

De reaksjes fan de Flylanners wurde meinommen yn de gearkomste fan de Stuurgroep mei dêryn alle belutsenen. Dy komme begjin takom jier by elkoar. Earder joegen de bewenners oan dat se gjin dykferheging wolle en dat se wolle dat de dyk in griene útstrieling hat.

Laura Dijkman fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)