Stichtingsbestjoer SC Hearrenfean seit fertrouwen op yn ried fan kommissarissen

10 des 2018 - 11:40

It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean hat it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen. Dat makke rfk-foarsitter Jorrit Jorritsma bekend yn de parsekonferinsje moandeitemoarn. "Dan is dat ek mar fuort de wrâld yn", sei hy dêrby. Yn de ried fan kommissarissen sitte Jorrit Jorritsma, Gerard Kremer en Hans Westerhof.

Stichtingsbestjoer SC Hearrenfean seit betrouwen op yn ried fan kommissarissen

Ik kwam hier om een sportclub te leiden, niet om een rol in House of Cards te spelen.

Luuc Eisenga

De parsekonferinsje waard hâlden fanwegen it nijs dat algemien direkteur Luuc Eisenga op 1 maart syn funksje delleit. Hy sei mei klam dat er sels it beslút naam hat om fuort te gean by SC Hearrenfean. "Ik kwam hier om een sportclub te leiden, niet om een rol in House of Cards te spelen." Dêrmei wiist hy op in populêre searje op Netflix. Dêryn stiet in politike machtsstriid yn de Feriene Steaten sintraal.

Unrêst

Yn de parsekonferinsje rûnom it opstappen fan Eisenga waard ek bekend dat it stichtingsbestjoer it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein hat. Jorrit Jorritsma joech ta dat it ûnrêstich is binnen de klup. "Ast my fregest: hat it de lêste tiid rêstich west? Dan moat ik sizze: it is ûnrêstich yn de klup, mar benammen fan bûten. Wy soene gek wêze as wy de lûden fan bûten net hearre. Mar ik ha der altyd fan oertsjûge west dat as wy de 'gelederen gesloten' hâlde, dan kinne wy in hiel soad ha mei syn allen."

Foto: Omrop Fryslân

Wy rollebolje echt net oer strjitte.

Jorrit Jorritsma

Rollebolje oer strjitte

Dochs wiene de pylken fan bûten de klup tefolle, fertelde Jorritsma. "Dat hat fan binnen yn de klup foar breukjes soarge. It is hast twa wike lyn dat ik in telefoantsje krige fan it stichtingsbestjoer, mei dêryn it boadskip dat it betrouwen yn de rfk fuort wie. Wat ik dêr wol bysizze wol, is dat de wurkferhâlding tusken it stichtingbestjoer en de rfk yn de ôfrûne twa jier altyd goed west hat. Wy rollebolje echt net oer strjitte. Mar as rfk wurde wy net werbeneamd. Nije wike moandei ûntstiet der in nije situaasje."

Fertrouwen yn Eisenga

Jorritsma ûnderstreke yn syn ferhaal dat de ried fan kommissarissen altyd fertrouwen hân hat en noch altyd hat yn Eisenga as direkteur. "Us fertrouwen yn Luuc stiet noch altyd rjocht oerein. Mar SC Hearrenfean is gjin gewoan bedriuw. Ik bin my der terdege fan bewust dat wy ûnder in fergrutglês lizze. Ik fyn it hiel spitich dat de situaasje tusken de rfk en it bestjoer no sa is, mar der wurdt net mei modder smiten. Ik fyn it allinnich hiel spitich."

Foto: www.orange-pictures.nl

Je krijgt een stuk cultureel erfgoed in handen, waar je op moet passen.

Luuc Eisenga

Druk

Ek Eisenga fernimt de druk dy't Jorritsma beskriuwt. "Vanaf dag één voelde ik die druk. Je krijgt een stuk cultureel erfgoed in handen, waar je op moet passen. Ik heb altijd die druk gevoeld om mijn uiterste best te doen. Ze zeggen wel eens dat ik heel stoïcijns ben, maar mensen die me beter kennen, weten dat dat niet zo is. Je moet kijken naar het grotere belang van de club. Ook al ben je het oneens en maak je af en toe goed ruzie, aan het einde moeten de neuzen dezelfde kant opstaan. Ik heb altijd geprobeerd om niet te polariseren en mensen bij me te houden. Dat je het niet iedereen naar de zin kon maken, dat stond van tevoren al vast."

Goed gefoel

Eisenga sjocht nettsjinsteande it beslút om op te hâlden mei in goed gefoel werom op de ôfrûne trije jier. "Als ik terugblik kan ik concluderen dat ik de club beter doorgeef dan dat ik haar heb aangetroffen in 2016. Alles wat daarvoor gebeurd was, dat deed voor mij nooit ter zake. Vanaf dag één heb ik veel tijd energie gestoken in relatie met medewerkers en de Ondernemersraad. Het was tijd om bestuurlijke rust te vinden in een club die daar naar smachtte. We hadden een groot palet aan uitdagingen. Een aandachtspunt was commercie. Het team dat daar nu zit barst van het talent."

Foto: Omrop Fryslân

Ik had beslissingen eerder en harder moeten nemen.

Luuc Eisenga

Problemen

Dochs binne der ek noch problemen binnen de klup, dy't net oplost binne, seit Eisenga ta. "Terugkijkend had ik beslissingen soms eerder en harder moeten nemen. Op commercie hadden we eerder moeten ingrijpen en dichter bij de sponsoren moeten gaan zitten die ontevreden waren. En misschien hadden we off the record dingen moeten vertellen aan de media om meer duidelijkheid te geven. Als je een nieuwe koers inslaat, dan merk je dat je sommige mensen voor de borst stuit en juist anderen daarmee wint. Dat hebben we absoluut gevoeld. Maar door in gesprek te gaan, hebben we getracht dat goed te ondervangen. Dat is niet altijd goed gelukt."

Opfolger

Op de fraach wa't Eisenga opfolgje sil, woe de algemien direkteur net yngean. "Als ik de kranten mag geloven, staan de startblokken al klaar. En het is mooi om te zien dat er mensen zijn die deze baan net zo uitdagend vinden als ik. Er wordt wel gezegd dat je je moet bemoeien met je opvolger, maar ik wil niet bepalen wie hier moet gaan zitten. Voor mij is het tijd om verder te kijken. Dat is nooit een eigen keuze, want over dit soort dingen praat je. Het is altijd een punt dat terugkomt in gesprekken: wat doen we en welke kant gaan we op? En op een gegeven moment gaat het om een gevoel."

Fansels binne der fouten makke.

Jorrit Jorritsma

Takomst

Beide manlju wiene lykwols posityf oer de takomst fan SC Hearrenfean. Jorritsma: "As jo stappen sette moatte út in bepaalde posysje wei, dan wurde der fouten makke. Fansels binne der fouten makke, mar wy binne der fan oertsjûge dat dizze klup de juste stappen sette sil."

(Advertinsje)
(Advertinsje)