Sikehûsdokters wolle ek helmplicht foar snorfytsers

10 des 2018 - 11:25

Foar snorfytsers moat in helmplicht komme. Dat sizze 130 dokters út ferskate sikehûzen rûnom yn Nederlân. Se sille tiisdei in brânbrief mei dat boadskip oanbiede oan leden fan de Twadde Keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat.

Foto: ANP Foto

Dy prate woansdei oer maatregelen om de ferkearsfeiligens te fergrutsjen. Bestjoerders fan gewoane brommers moatte sûnt 1975 in helm op ha en meie sûnt 1999 net langer op it fytspaad ride.

Hieltyd populêrder

Sûnt dy tiid binne snorfytsen mei blauwe kentekens en in maksimumsnelheid fan 25 kilometer yn de oere hieltyd populêrder wurden. Dokters sjogge dat alle dagen werom yn it oantal ûngelokken mei snorfytsen.

Skea oan de harsens

Alle jierren falle der tsientallen deaden en in soad ferwûnen. De ûngelokken liede boppedat faak ta slimme ferwûningen oan de harsens. De maksimumsnelheid fan 25 kilometer is dêrmei minder ûnskuldich as it liket, sa sizze de dokters.

De lanlike Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid hat jierrenlang ûndersyk dien nei snorfytsers en pleitet al langer foar in helmplicht. It Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF) slút him by dit advys oan.

E-bike

Neffens Sipke van der Meulen fan it ROF docht út ûndersyk bliken dat de oarspronklike, âldere, doelgroep fan de snorfyts no faker de e-bike pakt. Boppedat docht bliken dat benammen jongerein de snorfytsen faak opfiert om hurder ride te kinnen. Se ha dan wol de foardielen fan in blau plaatsje, mar net de neidielen.

Yn in petysje op it ynternet wurdt derfoar pleite om ek de snorfytsen in giel plaatsje te jaan om sa gjin ûnderskied mear te meitsjen tusken brommers en snorscooters.

(Advertinsje)
(Advertinsje)