Sjoch de parsekonferinsje oer it fuortgean fan Luuc Eisenga werom
Luuc Eisenga hâldt op 1 maart takom jier op as algemien direkteur fan SC Hearrenfean. Dat hat de klup moandeitemoarn witte litten. Yn de parsekonferinsje waard boppedat bekend dat it stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean it fertrouwen opsein hat yn de ried fan kommissarissen. Dat makke rfk-foarsitter Jorrit Jorritsma bekend. "Dan is dat ek mar fuort de wrâld yn", sei hy dêrby.
Sjoch hjir de hiele parsekonferinsje werom.