Offaloven Omrin op 'e nij ticht troch steuring yn tsjettel

De ôffaloven fan Omrin yn Harns is moandeitemoarn op 'e nij stillein nei't der in lek fûn waard yn in tsjettel. It giet neffens Omrin om in lyts lek. Om't de oven kontrolearre útsetten is, soe der neffens Omrin gjin sprake wêze fan ferhege útstjit fan skealike stoffen.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De oven is de lêste tiid faker útsetten fanwegen steurings. Op 12 novimber waard de tsjettel yn de ferbrâningsoven foar it lêst stillein nei in steuring. By dy steuring kaam in soad reek frij. Omwenners hiene doe lêst fan stank, nettsjinsteande dat út ûndersyk bliken die dat der gjin skealike stoffen frijkaam wiene. Ein novimber waard de tsjettel wer opstookt.

Protest

Tsjinstanners fan de REC roppe hieltyd lûder om sluting fan de ôffaloven.