Tunnel yn de Tichelwei wer iepen, Schreiersbrêge ticht

De tunnel yn de Tichelwei tusken Dokkum en Eastrum is moandeitemiddei fan 12.00 oere ôf wer iepen foar alle ferkear. De Schreiersbrêge is fan dat tiidstip ôf ticht foar fytsers en fuotgongers.
© ANP Foto
De Schreiersbrêge soe al earder ticht foar fytsers en fuotgongers, mar wie langer iepen fanwege wurksumheden yn de tunnel. By in ynspeksje yn novimber waard sjoen dat der skea oan de muorren fan de tunnel wie. Der wie sels sprake fan it risiko dat de dyk yn de tunnel ynstoarte soe. Dêrom moast de tunnel ticht om de skea te ferhelpen. Automobilisten moasten de omlieding fia Mitselwier brûke. Foar fytsers waard tydlik in smelle fytsstrook makke.
Mei it sluten fan de Schreiersbrêge moatte fytsers fan no ôf de fyts- en fuotgongersbrêge oer it Dokkumer Grutdjip brûke, dy't op 1 novimber iepene is.