Luuc Eisenga giet op 1 maart fuort by SC Hearrenfean

10 des 2018 - 08:33

Luuc Eisenga hâldt op 1 maart takom jier op as algemien direkteur fan SC Hearrenfean. Dat hat de klup moandeitemoarn witte litten. "Ik heb besloten om de zaken hier goed af te sluiten en daarna op zoek te gaan naar een nieuwe uitdaging", seit Eisenga yn it berjocht op de webside fan de fuotbalklup. De parsekonferinsje is 11.00 oere live te folgjen fia www.omropfryslan.nl.

Foto: www.orange-pictures.nl

Letter moandeitemoarn jout Eisenga yn in parsekonferinsje in taljochting op syn beslút. Yn it berjocht lit er wol alfêst witte mei in tefreden gefoel werom te sjen op syn funksjonearen by de klup. "Ik wil allereerst graag de medewerkers bedanken voor het vertrouwen en hun inzet de afgelopen jaren. We hebben goede dingen bereikt met elkaar en gezorgd voor een gezond bedrijfsklimaat. Ik kijk met veel plezier terug op mijn tijd bij deze mooie club en ben blij dat het gelukt is om rust en structuur terug te brengen in het bedrijf."

It rommelet al in skoft by SC Hearrenfean. Ferline wike waard bekend dat der in konflikt is tusken de klup en haadsponsor GroenLeven. Eisenga soe de tasizzing dien hawwe om him "maksimaal yn te spannen" om sinnepanielen fan GroenLeven op it dak fan it Abe Lenstrastadion te lizzen. Dy tasizzing koe er lykwols net dwaan, om't net de klup, mar Sportstad Heerenveen de eigener is fan it stadion. Ek oare sponsoaren soenen twivels hawwe oft se trochgean wolle by Hearrenfean. In diel fan harren kin net goed mei Eisenga oerwei.

It stichtingsbestjoer fan de klup hat freedtemiddei mei Eisenga om tafel sitten om oer syn posysje te praten. Ut namme fan Eisenga wie Bert Kingma oanwêzich. Kingma is in advokaat, dy't spesjalisearre is yn arbeidskonflikten en strafrjocht. Fan it Stichtingsbestjoer fan Hearrenfean sieten Cees Rozemond en Rico Jalink der by mei harren advokaat Pieter Tuinman.

Reaksje ried fan kommissarissen

Foarsitter Jorrit Jorritsma fan de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean jout yn it berjocht fan de klup in earste reaksje op it beslút fan Eisenga: "De rvc heeft de afgelopen drie jaar prima samengewerkt met Luuc. Hij leidt de club rustig en vastberaden, heeft het vertrouwen van de medewerkers en gaat stap voor stap zijn weg. De hele club is hem daarvoor dank verschuldigd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)