UPDATE: Opûnthâld foarby nei oanriding mei acht auto's op de A31 by Frjentsjer
Op de A31 by Frjentsjer hat moandeitemoarn in ûngelok mei acht auto's west. Dat meldt de ANWB op Twitter. De plysje befêstiget dat der meardere auto's by it ûngelok belutsen binne. It ûngelok soarge in skoftke foar opûnthâld foar ferkear dat fan Frjentsjer nei Ljouwert woe.
Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend. Neffens de plysje hoegden der gjin ambulânses oproppen te wurden foar eventuele ferwûnen.