Demonstraasje The Save Movement by slachterij VION

Bisterjochte-organisaasje 'The Save Movement' fiert moandeitemoarn aksje by slachterij VION yn Ljouwert. Dit bart mei tastimming fan de eigener fan de slachterij. The Save Movement is in Kanadeeske organisaasje en dit is harren earste aksje yn Fryslân.
© ANP
Organisator Liesbeth Hoekstra fan Boalsert leit út wêrom't der aksjefierd wurdt. "Wy nimme ôfskie fan de bisten, wy besykje se noch wat leafde te jaan." Boppedat meitsje de aksjefierder bylden fan de bisten yn de frachtweinen. Dizze bylden wurde fia social media ferspraat om omtinken te freegjen foar dit ûnderwerp. Der hat fan tefoaren kontakt west mei de eigener. "It is yn goed oerlis gong", seit Liesbeth ta. "Dat fine wy hiel wichtich."
Demonstraasje The Save Movement by slachterij VION
Bisten binne mear as allinnich in produkt.
Demonstrante Liesbeth Hoekstra
Doel fan The Save Movement is net om misstannen boppe wetter te krijen. It giet har der om dat libjende bisten dea makke wurde. "Wy wolle de bisten in gesicht jaan", sa seit Liesbeth. "Wy wolle sjen litte dat bisten mear binne as allinnich in produkt. Ik ha sels ûnderfining dat it fersprieden fan dit soart bylden hiel krêftich wêze kin. Doe't ik de bylden yn Boxtel seach by in bargeslachterij, doe wist ik: dit wol ik ek dwaan. Mei troch dy bylden is dit yn gong setten. As bylden helpe kinne om minsken hjirfan bewust te meitsjen, dan bin ik tefreden."
Yn Nederlân binne der mear groepen fan The Save Movement aktyf. Ek foar Ljouwert hat Liesbeth grutte plannen. "Wy wolle alle moannen in aksje yn Ljouwert hâlde. Wy ferwachtsje sa'n tritich minsken dit kear."
Liesbeth Hoekstra oer de demonstraasje