Kollum: "Wêr't wy op de wrâld ek binne"

"Enerzjytransysje, it is in muoilik wurd foar in krekt like dreech fraachstik. Wy moatte mei ús allen wat dwaan oan de klimaatferoaring troch suniger om te gean mei fossile brânstoffen. Dat kin troch better te isolearjen, mar folle wichtiger noch: troch oer te stappen op oare wizen fan enerzjy opwekken. Bygelyks sinnepanielen op it dak of in wynmûne yn de tún.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Alle gemeenten yn Nederlân ha fan it Ryk de opdracht krigen om sels mei dizze enerzjytransysje oan de slach te gean. En sa foel der lêstendeis by Doarpsbelang Aldegea in útnûging fan de gemeente op de matte om mei te tinken oer dit tema. Doel is om allerearst fan gedachten te wikseljen, foar't wy as doarp online in stik of tsien wynmûnen bestelle. It moat nammentlik wol passe yn de plannen fan de gemeente en de provinsje.
Garyp is as ús buordoarp ien fan dé ynspiraasjeboarnen as it giet om enerzjytransysje. Dêr ha se al in eigen enerzjykoöperaasje, in mega sinnepark en ambisjeuze plannen om it earste ierdgasfrije doarp fan Nederlân te wurden. En it moaie is dat alle ynwenners fan it doarp sels meitinke kinne oer nije ideeën om dit doel te heljen.
Sels meitinke oer enerzjysunich libjen; dêr krijst folop enerzjy fan, soest sizze. Kloppet, oant ik dit wykein it folgjende berjocht tsjinkaam. "Een recordaantal van ruim een miljard passagiers heeft zich in 2017 per vliegtuig laten vervoeren in de Europese Unie. Dat waren er ongeveer 71 miljoen meer dan een jaar eerder, meldt het statistiekbureau van de EU."
Ferline wike noch fleagen wrâldlieders en wittenskippers út hast alle lannen fan de wrâld nei Poalen foar in ynternasjonale klimaatkonferinsje. As der ien lân is dat alle dagen in bydrage leveret oan de klimaatopwaarming, dan is it Poalen wol mei syn grutte koalesintrales. Wêr't wy hjir ús bêst dogge om dy dingen te sluten, bouwe se yn Poalen ûndertusken fluitsjend nije sintrales. Dat soks net hielendal doocht, ha dy Poalen sels ek wol yn de gaten. Se joegen alle wrâldlieders en wittenskippers gekskearend in knuffel fan in laitsjend stienkoaltsje, as oantinken.
No is dat ferskriklik mispleatste humor, mar wêr't ik my echt soargen oer meitsje is dat in lân as Poalen simpelwei syn noas ophellet foar sa'n grut fraachstik. Want lit ús earlik wêze: sa'n sinnepark yn Garyp set fansels hielendal gjin seadden oan de dyk as Poalen gewoan trochgiet mei koalesintrales. En kinst de boel thús noch sa goed isolearje en sinnepanielen op it dak lizze; ast elk jier trije kear yn it fleantúch stapst foar in sinne- of skyfakânsje, dan kinst thús like goed de foardoar iepensette en de kachel op 30 draaie. Dan hat it totaal gjin doel.
'Goed voorbeeld doet goed volgen', sizze se net foar neat. Miskien moatte dy wrâldlieders en wittenskippers tenei net yn sa'n fersmoargjend lân as Poalen ôfprate, mar just op in plak dêr't se wól it goeie foarbyld krije. Dus Garyp, ik soe it wol witte. Utnûgje dy hap foar takom jier. Lit se mar ris sjen hoe't it ek kin. Trump en Poetin tegearre oan de kofje yn doarpshûs It Geahûs. Stikje oranjekoeke der by. Krekt wat.
En oan de ein fan de besite krije al dy wrâldlieders as oantinken in lyts sinnepanieltsje mei. Sa'n moaie glimmende tegel, dêr't ús bekendste Fryske siswize op stiet: Wêr't wy op 'e wrâld ek binne, oeral skynt deselde sinne."