Leden rinne massaal waarm foar Alvestêdetocht troch foarseine kjeld

10 des 2018 - 06:53

De ferwachtings oft wy dizze winter in Alvestêdetocht krije, binne dit jier heger as oare jierren. Dat die dit wykein bliken by de jierlikse ledegearkomste fan de feriening De Friesche Elfsteden yn Ljouwert. Dy hege ferwachtings komme benammen om't Piet Paulusma in winter mei mooglik temperatueren oant -20 graden yn it foarútsjoch stelt. Dat wakkeret de hoop oan.

Reedryde - Foto: Shutterstock.com

Hindik Hoekstra ried al meardere kearen de Tocht der Tochten en is der no ek wer klear foar. Hy hat der alle betrouwen yn dat it dit jier oangiet. "De kâns sit der wol yn, tink ik. Om't de simmer sa ekstreem west hat, kin Piet wolris gelyk ha dat der in aardige winter oankomt. It hoecht mar twa wiken goed kâld te wêzen mei de wyn út it easten en wy ha al dik iis." Hoekstra is der yn alle gefallen klear foar. "Ik bin alle woansdeis noch oan it trainen, mar ik moat it definitive beslút nimme as de toch hast útskreaun wurdt. Doch ik it of doch ik it net? "

Fanôf de sydline

Jochum de Vries stie fjouwer kear oan de startline fan de Alvestêdetocht. "Ik bin yntusken 76 jier. Doe't ik 70 waard ha ik my ôfmeld as ridend lid, mar ik soe it moai fine om de tocht no ek ris fanôf de sydline te sjen."

So far, so good. Wat my betreft hoecht de tocht net hâlden te wurden.

Tjitske de Vries

Net elkenien is like entûsjast oer de mooglike komst fan in Alvestêdetocht. Tjitske de Vries: "Ik sjoch der net sa bot nei út, moat ik sizze. As ik sjoch wat sa'n tocht teweech bringt hjir yn Fryslân, dan meitsje ik my dêr no al soargen oer. Sa'n grutte tarin nei ús provinsje. Ik tink 'So far, so good' as er net hâlden wurdt. Mar as ik myn man leauwe moat, dan is de kâns wol grut. As wy sa'n moaie simmer hân ha, dan sille wy ek wol in moaie winter krije."

Alwer in hype

Sanne Velsma is krekt wat jonger en sjocht der wol nei út. "Ik soe it hiel leuk fine. Ik ha it hiele spektakel sels noch noait meimakke, útsein oan de kant as taskôger fan myn heit. Ik fyn it wol leuk dat it wer in hype wurdt en dat elkenien entûsjast is. Hiel earlik: ik moat it noch sjen, mar ik soargje wol dat ik yn kondysje bin, sadat ik 'm útride kin."

Leden fan de Alvestêdeferiening oer de kâns op in tocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)