Loes Geurts hat dûbeld gefoel oer lotting WK fuotbal

09 des 2018 - 22:08

Keepster Loes Geurts út Hichtum hat in dûbeld gefoel oer de lotting fan it WK fuotbal. Nederlân spilet takom simmer yn Frankryk yn de pûlfaze tsjin Kanada, Nij-Seelân en Kamerûn. Tsjin de earste twa lannen spile Nederlân fjouwer jier lyn ek al op it WK. "Aan de ene kant is dat leuk", sei keepster Loes Geurts út Hichtum. "Aan de andere kant had ik op een WK liever gespeeld tegen landen waar we niet vaak tegen spelen."

Loes Geurts mei ploechgenoate Jackie Groenen op de skouders - Foto: Orange Pictures

Fjouwer jier lyn wie Nederlân debutant op it WK. No giet Nederlân nei it WK as Europeesk kampioen. "Als Europees kampioen ben je aan je stand verplicht om door te komen", seit Geurts. "Maar die andere landen zullen ook extra gebrand zijn. Wij zijn nu dé te kloppen ploeg uit Europa."

Op papier is it gjin ûngeunstige lotting. Allinnich Kanada stiet heger op de wrâldranglist. Dochs seit dat Geurts net sa folle. "Als je sterke ploegen treft in de poulefase, dan heb je ze maar vast gehad. Nu zitten we in een relatief gemakkelijke groep, maar dan treffen we die sterke ploegen later."

Foto: Orangepictures.nl

Uteinlik moatst fan alle lannen winne, wolst wrâldkampioen wurde, seit Sherida Spitse. De Snitser wie der krekt as Geurts ek fjouwer jier lyn by. "Het is een prima loting", seit se. "Als we de poule doorkomen, wordt het daarna wel pittig. Maar ik ben er wel blij mee."

"Hopen op steun twaalfde man"

Nederlân spilet syn pûlwedstriden yn it noarden fan Frankryk. Dat wie ek al de hoop. "Dat is een mooie bijkomstigheid", seit Geurts. "Het is wat gemakkelijker te bereiken. Hopen dat we dan de steun van de twaalfde man krijgen."

De ploech komt healwei jannewaris wer byinoar. Dan sille se ek mei-inoar de lotting beprate. Geurts en Spitse binne der ek by. Op 19 jannewaris spilet Nederlân in oefenwedstriid yn en tsjin Súd-Afrika. Dêrnei spylje se noch op in freonskiplik toernoai, de Algarve Cup. It WK set op 7 juny útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)