Fryske gemeenten keapje tenei allinnich noch mar duorsume ferfiermiddels

09 des 2018 - 21:23

Fryske gemeenten skaffe fan begjin takom jier ôf gjin auto's of oare ferfiermiddels mear oan dy't op fossile brânstof ride. Se tekenje dêrfoar op 1 jannewaris in akkoart mei de feriening Circulair Friesland. Dat is in gearwurkingsferbân op it mêd fan duorsumens tusken bedriuwen, oerheden en kennisynstellingen. It inisjatyf foar it akkoart komt ek by dy feriening wei.

Tsjeard Hofstra fan feriening Circulair Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De âldere ferfiermiddels wurde net ferkocht. Mar as se oan ferfanging ta binne, komme der gjin nije mear foar yn it plak dy't op fossile brânstof ride.

It weinpark rydt dan allinnich noch elektrysk, op grien gas of blauwe disel. Dat seit Hofstra, dy't by de ûnderhannelingen belutsen is. Neffens Hofstra past it akkoart yn it stribjen dat duorsumens prioriteit krijt by alle politike partijen.

Tsjeard Hofstra fan Circulair Friesland

(advertinsje)