Sven Kramer hat noch hieltyd lêst: "It sil wol in kear goed komme, of net?"

09 des 2018 - 20:17

Sven Kramer wit noch net oft er wol meidwaan kin oan de wrâldbekerwedstriden op Thialf, takom wykein. De 32-jierrie Fries hat noch hieltyd lêst fan in stege rêchblessuere. In moanne lyn die Kramer mei oan de earste wrâldbekerwedstriid yn Japan, mar dêr hold er earder mei op, fanwege de blessuere. Sûnt dy tiid wurket er deroan om wer better te wurden, mar mooglik komt Thialf dus noch te betiid.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Stadichoan giet it better", sei Kramer tsjin de NOS. Hy is mei syn ploech, Team Jumbo, op trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo. "Mar foar in topsporter giet it noait hurd genôch, fansels. It is fallen en opstean. As it in risiko wêze soe om op Thialf oan de start te stean, dan doch ik it net. Giet it wol goed, dan ryd ik wol. Foar my is it alderwichtichste dat ik ein desimber by de NK ôfstannen wer wat kin."

Noch net hiel optimistysk

De teksten fan Kramer yn Collalbo wienen noch net hiel optimistysk. "Besikest om der safolle mooglik rekken me te hâlden, mar úteinlik moatst ek gewoan arbeid leverje om prestaasjes delsette te kinnen. Moatst altyd de juste balâns sjen te finen. Dat is net altyd like maklik." Foarich jier, yn it olympyske seizoen, hie Kramer ek al lêst fan de rêch.

Ik ha ek net de yllúzje dat it nochris hielendal fuortgiet.

Sven Kramer oer syn rêchblessuere

De fjouwerfâldich olympysk kampioen is yntusken wol wat wend rekke oan syn rêchklachten. "Ja, ik ha altyd wol lêst. Mar ik ha ek net de yllúzje dat it nochris hielendal fuortgiet. Ik hoopje gewoan dat it stadichoan better giet. En dan sil it wol in kear goed komme, of net?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)