Pele van Anholt spilet earste kompetysjewedstriid yn 16 moannen

09 des 2018 - 18:40

Pele van Anholt hat nei hast 16 moannen wer in kompetysjewedstriid spile. De Boalserter kaam nei 37 minuten yn it fjild by NAC Breda yn de thúswedstriid tsjin Vitesse. De rjochtsback naam it plak yn fan Fabian Sporkslede, dy blessearre útfoel.

It wie in suksesfol debút foar Van Anholt yn Breda. Acht minuten nei syn ynfalbeurt kaam NAC op foarsprong troch âld-Hearrenfeanspiler Te Vrede. Tweintich minuten foar tiid kaam Vitesse op gelikense hichte, mar troch in goal fan Verschueren wûn NAC dochs noch. Troch de oerwinning ferlitte Van Anholt en NAC boppedat it lêste plak.

Blessearre oan knibbel

De lêste kompetysjewedstriid dy't Van Anholt spile wie yn Amearika foar LA Galaxy op 28 augustus 2017. Dêrnei rekke hy swier blessearre oan syn knibbel. Hy kaam werom nei Nederlân en rekke yn de tarieding fan dit seizoen wer blessearre. Dêrtroch wie hy der hast 16 moannen út.

Foar NAC Breda en LA Galaxy spile Van Anholt ien seizoen foar Willem II. Dêrfoar, oant 2016, siet er syn hiele karriêre by Sportklup Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)