André Zwart besoarget LDODK it nipperke in punt tsjin KZ
LDODK hat snein op it nipperke in lykspul út it fjoer sleept. Yn sporthal Koartsweagen waard it tsjin konkurrint KZ út Koog aan de Zaan yn de alderlêste sekonden 24-24 troch in treffer fan ynfaller André Zwart.
LDODK-KZ
It ferskil tusken LDODK en KZ wie nei fjouwer duels twa punten: LDODK hie seis punten en KZ fjouwer. Yn de earste helte wie skoareferrin grillich. Fia 1-2 achter kamen de Gordyksters mei 9-4 foar. Mar by it skoft stienen de Kogers wer foar: 14-15.
Erwin Zwart nei lykspul tsjin KZ
De twadde helte gie op en del. KZ komt twa goals foar, mar LDODK koe de skea reparearje.
André Zwart kin it noch
André Zwart kaam foar it earst dizze sealkompetysje yn it fjild nei lang blessuereleed. Hy is it noch net ferleard en makke der 18-17 fan. Dêrnei skoarde ek Marjolijn Kroon en dêrmei like LDODK de wedstriid yn hannen te nimmen.
Neat wie minder wier. Op de stân 23-23 skoarde Alwin Out foar KZ: 23-24 en noch sân tellen op 'e klok. Trije tellen letter makke André Zwart dochs noch de lykmakker.
Andre Zwart nei lykspul tsjin KZ
Soer puntferlies
Foar de neutrale taskôger in terjochte lykspul, foar it ambisjeuze LDODK soer puntferlies. By winst hie LDODK nammentlik dield earste stien yn de Kuorbal League. No bliuwt de ploech op it fjirde plak, mei ien punt minder as de trije koprinners.