Dennis Veenker crasht mei bobslide yn earste wrâldbekerwedstriid

09 des 2018 - 18:10

Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean is by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen oer siden teard. Mei piloat Ivo de Bruin gie it mis yn bocht 13. Dêrnei binne De Bruin en Veenker yn it Letske Sigulda net mear begûn oan de twadde ôfdaling.

Veenker sit dit seizoen yn alle gefallen yn de fjouwermansbob. Dit wykein mocht er him bewize yn de lytsere bobslide. Piloat Ivo de Bruin kaam twa dagen yn aksje. Sneon mei Janko Franjic en snein dus mei Veenker. Nei de wedstriden nimt de bûnscoach in beslút oer wa't er dit seizoen mei De Bruin yn de twamansbob sit.

De Bruin hie gjin gelokkich wykein. Sneon wie er al mei Franjic oer siden teard yn ien fan de twa ôfdalingen. Snein barde dus itselde, allinnich twa bochten earder. De Bruin en Veenker kamen krekt wat te let út bocht 13 en dêrtroch foel de bobslide in bocht letter op de side. Sa binne se noch wol trochgliden nei de finish, dêr't se nei 54.24 sekonden oankamen.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)