Brânwacht bekûgele mei aaien by brân yn Snits
Foarbygongers yn in auto ha snein de brânwacht yn Snits bekûgele mei aaien. De brânwacht wie dêr in brân oan it bestriden, doe't de auto lâns ried en de heechwurker fan de brânwacht bekûgele waard. De bestjoerder fan de heechwurker wol oanjefte dwaan.
De auto is nei it bekûgeljen trochriden en de brânwacht wit gjin details. Dêrom binne se noch op syk nei tsjûgen.
Brân by it laskjen
De brân wie yn in garaazje oan de Van Anholt Dessaustrjitte. Dêr wie ien oan it laskjen en dêrtroch ûntstie de brân. Mei in túnslang fan de buorlju waard it fjoer al diels útmakke. De brânwacht makke it wurk dêrnei ôf. By de brân rekke gjinien ferwûne.