Cambuur wol nei ûnrêstige wike revânsje tsjin Jong PSV

09 des 2018 - 16:55

Sportklup Cambuur wol moandei yn de útwedstriid tsjin Jong PSV revânsj foar de minne wedstriid fan ferline wike freed tsjin FC Eindhoven. Dat gefoel libbet by stêf en spilers fan de klup.

Cambuur wol revanche tsjin Jong PSV, René Hake

Ofrûne wike wie it efkes ûnrêstich by Cambuur, doe't Justin Mathieu dissiplinêr straft waard. Hy sit no oant de winterstop bûten de seleksje. Mar dat hat west, sizze trainer René Hake en oanfierder Robbert Schilder.

Hake: "Dat hebben we weer achter ons gelaten. De beslissing is genomen en nu moeten we verder. Hoe de groep heeft gereageerd? Dat blijft tussen vier muren."

"Goed en snel gecommuniceerd"

Neffens oanfierder Robbert Schilder hat de groep hiel rêstich reagearre op it nijs fan Mathieu. "De beslissing is genomen en het is goed en snel gecommuniceerd met ons. We moeten nu verder en een goede wedstrijd afleveren tegen Jong PSV, want er leeft binnen de groep absoluut een gevoel van revanche."

Cambuur wol revanche tsjin Jong PSV, Robert Schilder

Jong PSV is in ploech mei in protte yndividuele kwaliteit, al witte je noait presys mei hokker basis de Eindhovenaren komme. René Hake: "Jong PSV boekt de laatste weken goede uitslagen, onder andere 5-1 winst op Go Ahead Eagles. Het is een prima ploeg. Maar wij moeten nu een goede beurt maken."

Dan moat it wol oars as in wike lyn, seit Hake. "We kunnen best goed voetballen. Dat hebben we wel bewezen tegen onder andere FC Den Bosch. Maar wij moeten wel de bereidheid tonen om er wat van te maken. Je moet elke wedstrijd met een goede instelling het veld opstappen. Je moet altijd scherp zijn."

Fierhinne selde opstelling

De ferwachting is dat Hake de measte spilers fan ferline wike stean litte sil. Wa't presys de ferfanger wurdt fan Mathieu en hoe't it dan krekt ynfolle wurde moat, dêr woe de trainer noch gjin útspraak oer dwaan.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)