Teäterûndernimmer en aktrise Anke Bijlsma: "Der is mear as Tryater!"

09 des 2018 - 16:21

It stekt teäter-ûndernimmer Anke Bijlsma dat jild foar profesjonele Fryske toanielproduksjes hast altyd allinnich nei Tryater giet. "Dêrmei dochst oaren te koart. It automatisme dat dit jild foar Tryater is, moatte se fuortendaliks ôfskaffe. Der is mear! Lit der mar in soarte fan 'marktwerking' wêze."

Anke Bijlsma - Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Bijlsma is ûnder mear belutsen by it stifting Ach, Mea Culpa, dy't ek geregeld oanfragen yntsjinnet. Meastentiids wurde dy net honorearre. Se bedarje gewoan op de steapel dêr't ek allerhande iepenloftspullen en oare lokale inisjativen op lizze. "En as je dan lêze wat de grûnslach fan sa'n ôfwizing is... dat is gewoan bespotlik!"

De letterlike teksten fan de ôfskriuwingen duort se net nei bûten te bringen. "Wy ha gjin fêst salaris. In oare kear moatte je wol wer in oanfraach dwaan kinne.."

Anke Bijlsma die har útspraken snein yn it Nijsfoarum by it radioprogramma Buro de Vries.

Anke Bijlsma yn Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)