Reina Anema tsiende op 5 kilometer; Kleibeuker en Bergsma winne B-groep

09 des 2018 - 15:32

Reina Anema fan De Gordyk is op de wrâldbeker yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki tsiende wurden op de 5.000 meter. De 25-jierrige Anema sette in tiid del fan 7.27.17. De oerwinning yn Poalen gie nei Esmee Visser, de olympysk kampioene.

Reina Anema (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Anema ried tsjin Claudia Pechstein út Dútslân. Dy is yntusken 46 jier. Pechstein begûn rapper, mar healwei de 5 kilometer helle Anema har yn. De Dútse gie dêrnei al gau rûntsjes riden fan 36-heech en sels 37. Dat koe Anema noch even útstelle. De Friezinne finishte úteinlik oardel sekonde foar Pechstein.

Kleibeuker en Bergsma winne B-groep

Yn it moarnsprogramma fan dizze slotdei fan de World Cup pakten Carien Kleibeuker en Jorrit Bergsma de oerwinning yn de B-groepen. De reedriders fan de ploech fan Jillert Anema rieden beide in nij baanrekôr. Kleibeuker ried de 5.000 meter yn 7.14.29, Bergsma kaam út op de 10.000 meter en sette 13.14.95 op de klok.

By de manlju waard Jouke Hoogeveen yn dyselde B-groep fyde yn 13.24.78.

Dat Kleibeuker en Bergsma yn de B-groep starten hat te krijen mei in nije puntetelling fan reedrydbûn ISU.

(Advertinsje)
(Advertinsje)