Shorttrackmanlju winne ek goud yn Kazachstan

09 des 2018 - 14:14

Nei de froulju hawwe de Nederlânske manlju ôflossing ek goud wûn op de World Cup yn Kazachstan. Sjinkie Knegt kaam dan wol as twadde oer de einstreek, mar Súd-Koreä krige in diskwalifikaasje.

Foto: Martin de Jong

De Nederlânske manlju, Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma en Dennis Visser, koenen goed partij jaan tsjin Kanada en Súd-Koreä. De Laat kaam sels efkes foarop te lizzen, mar hy waard al gau ynhelle troch de Koreänen.

Doe't de Kanadezen harsels útskeakelen, waard it in twastriid tusken Súd-Koreä en Nederlân. Mei noch in heale ronde te gean makke de Koreaan Hyo in flinke misser, wêrby't er Knegt hindere. Hyo waard diskwalifisearre en sa kaam it dat Nederlân goud wûn. It is it earste wrâldbekergoud fan dit seizoen foar de ôflossingsploech.

Knegt fjirde op 1.500

Earder op de dei waard Sjinkie Knegt fjirde yn de finale fan de 1.500 meter. Oardel ronde foar de finish waard er ynhelle troch trije Koreanen, dy't it hiele poadium besetten.

(advertinsje)
(advertinsje)