In krystbeam foar Achlum nei in dreech jier

Foar it doarpke Achlum wie 2018 in dreech jier. Der wiene meardere dramatyske stjergefallen, dy't djip yngrypten yn de doarpsmienskip. Der wiene famyljes dy't wol tige hurd troffen waarden troch it needlot. Sa ferûngelokke Wilfred Vrieswijk yn jannewaris dit jier yn Tsjom doe't er ûnder syn eigen frachtwein kaam. En Tsjerk van Dijk út Drachten, dy't yn oktober dit jier delstoarte mei syn fleantúchje, kaam ek fan Achlum en wie noch tige belutsen by it doarp.
De belutsen Achlumers yn it doarpshûs © Omrop Fryslân
"As der ien doarp is, dat in bytsje ljocht fertsjinnet yn dizze tsjustere tiid, is dat Achlum", sa sei âld-Achlumer Maaike van Dijk tsjin doarpsbewenners yn it doarpshûs. Dêr wiene sa'n 20 minsken út it doarp byinoar kommen om in krystbeam yn ûntfangst te nimmen.
Maaike van Dijk hie kontakt socht mei Omrop Fryslân yn ferbân mei de krystbeammeaksje dy't sneon útein set is. De Omrop bringt de hiele wike optúgde krystbeammen by minsken dy't dêr foar opjûn binne.
Ik fûn it earst wol hiel heftich, mar no is it moai.
Jannie Greijdanus
Jannie Greijdanus ferlear yn juny dit jier har man Paul oan in slimme sykte. Se tocht dat se noch altyd as ymport beskôge waard - ek nei 31 jier - mar hat no ûnderfûn hoe grut oft de krêft fan de mienskip is.
Se is bliid mei it gebaar fan Maaike van Dijk: "Ik fûn it earst wol hiel heftich, want do wurdst der wer sa oan herinnere, mar ik fyn it ek goed. It is goed om yn it doarpshûs, dêr't ek de jeugd komt, in 'gedenkboom' te hawwen." Jannie hong in foto fan it betinkmonumint fan Paul yn de beam.
De foto mei de betinkstien fan Paul Greijdanus yn de Omrop-krystbeam © Omrop Fryslân
Ek Rennie van Dijk hong in oantinken yn de beam: in ingeltsje mei op de wjukken de nammen fan de broers en sussen. Njonken it ferlies fan har broer Tsjerk, ferlear se ek har skoansus en de broer fan har sweager. "Der is in hiel soad fertriet, mar it bringt ek wat. It besef dat it libben samar dien wêze kin en dat je derfan genietsje moatte."
Rennie van Dijk hat ûnderfûn hoe hecht oft de Achlumer doarpsmienskip is. "Nei de tsjinst fan Tsjerk kamen we thús en stie der in panne mei snert op it oanrjocht. Samar".
In ingeltsje foar Tsjerk van Dijk yn de Omrop-krystbeam © Omrop Fryslân
Yn it radioprogramma Buro de Vries op snein 9 desimber, in reportaazje oer de Omrop Fryslân krystbeam yn Achlum.
In krystbeam foar Achlum