Fenomenale Schulting rydt ploech nei goud by ôflossing in Kazachstan

09 des 2018 - 12:56

De frouljusshorttrackploech hat mei tank oan in fenomenale Suzanne Schulting goud wûn op de ôflossing by de wrâldbeker yn Kazachstan. Yn Almaty fersloegen se Súd-Koreä. De Nederlânske ploech bestie, njonken Schulting, út Friezinne Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven.

Argyffoto Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

Mei noch twa ronden te gean krige Schulting yn de ôflosssing har lêste triuw en hie se in aardich efterstân op de nûmer 1, Min Jeong Choi. Se ried it knap ticht en gong har yn de lêste ronde sels noch foarby. De Koreaanse foel hurd oer de finish. Kanada waard tredde, Italië fjirde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)