Schulting wint nei goud op 1000 meter no ek sulver op 1500 meter yn Almaty

09 des 2018 - 12:09

Shorttrackster Suzanne Schulting hat sulver helle op de wrâldbeker yn Kazachstan. Op de baan fan Almaty wûn se sneon de 1000 meter, snein waard se twadde op de 1500 meter.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie in lestige race foar Schulting. Dêr't se sneon de kopposysje pakte en dy net mear fuortjoech, begûn se no mei in ynhelrace. Underweis gongen der twa ûnderút en dat koste in soad enerzjy. Dochs ried Schulting knap nei foaren en yn de lêste ronde kaam se krekt te koart om de Súd-Koreaanske Olympysk kampioen Choi-min Jeong 1500 meter yn te heljen.

Earder wûn Schulting by de wrâldbekers yn Calgary en Salt Lake City ek goud op de 1000 meter en yn Calgary wûn se ek noch de 1500 meter. Nei trije wrâldbekers hat se no Rianne de Vries waard tredde op de 1500 meter yn de B-finale.

Nederlânske manlju

Sjinkie Knegt is fjirde wurden op de 1500 meter, achter trije Súd-Koreanen. Daan Breeuwsma en Ithzak de Laat waarden útskeakele yn de kwartfinale. Sy waarden fjirde en fiifde yn harren omloop ('heat'). Jasper Brunsmann oerlibbe de kwartfinale ek net. Hy krige in penalty.

De Nederlânske ploech helle ek noch sulver op de 500 meter. Lara van Ruijven waard ûnderút riden, mar ried dochs nei it twadde plak. Yara van Kerkhof wûn de B-finale.

Letter ride sawol de manlju as de froulju de finales fan de relay (ôflossing). De Nederlânske ploech yn yn de mixed-relay (ôflossing manlju en froulju) waard freed al útskeakele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)