Op 'e nij protest tsjin ôffaloven Harns

09 des 2018 - 11:06

Tsjinstannner fan de ôffalloven Harns sille takom freed protestearje tsjin de steuringen fan de ôffaloven en de sûnensrisiko's dy't dat neffens harren fangefolgen hat. Se fine dat Omrin min kommunisearret oer de steuringen. Op itselde tiidstip as it protest yn Harns, freedtemiddei om twa oere, wurdt in petysje mei hantekeningen oanbean yn Aldehaske. By Ecopark de Wierde is op dat stuit in gearkomste fan de oandielhâlders fan Omrin.

Foto: twitter @afvalovennee

De problemen by de ôffaloven stean op de aginda fan de oandielhâldersfergadering. Oan de oarder komme in brief fan Deputearre Steaten oer de takomst fan de REC en moasjes fan de gemeenteried fan Harns oer dioksine-mjittingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)