Kuorbal: Mid-Fryslân ferliest útwedstriid yn Driebergen

09 des 2018 - 09:44

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon de útwedstriid yn Driebergen ferlern. Nei 10 minuten stie Dalto al mei 5-3 foar.

Mid-Fryslân gie de rêst yn mei in achterstân fan 14-9. De tsjinpartij boude de foarsprong dêrnei út 21-12. Mid-Fyslân kaam werom, mar koe net mear by komme. Se moasten úteinlik mei 29-19 belies jaan.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)