Brânmelding pelletkachel: "Hurde wyn nei binnen slein troch gevelpiip"

09 des 2018 - 09:08

De brânwacht fan It Hearrenfean is sneontenacht tsjin twa oere útriden foar in melding oan de strjitte it Beurtschip. Dêr stie reek yn in wente, feroarsake troch in pelletkachel.

Nei alle gedachten is de oarsaak de hurde wyn, sa meldt de brânwacht. Dy soe troch de gevelpiip nei binnen slein wêze en de lytse stikjes hout út it brânhûs fan de kachel waaid hawwe. De brânwacht hat de kachel útset en leechhelle.

(advertinsje)
(advertinsje)