Jouke Hoekstra riddere op jubileum Frysk Fanfare Orkest

09 des 2018 - 07:54

Dirigint Jouke Hoekstra fan it Frysk Fanfare Orkest is sneontejûn riddere op it jubileum fan it orkest. Hy waard beneamd ta offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Hoekstra hat it Frysk Fanfare Orkest 35 jier ferlyn oprjochte. Fanwege it jubileum wie der sneon in galakonsert. Yn dy 35 jier hat Hoekstra altyd wer op syk west nei fernijing yn útfiering, besetting, komposysjes en gearwurking, sa stiet te lêzen op de site fan it Frysk Fanfare Orkest.

It FFO hat tal fan bysûndere konserten jûn yn binnen- en bûtenlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)