UNIS Flyers te sterk foar Zoetermeer Panters

08 des 2018 - 23:05

UNIS Flyers hat sneontejûn yn Zoetermeer ienfâldich ôfrekkene mei de Panters. De Feanster iishockeyers wûnen yn it SilverDome mei 4-1. De goals fan de besikers waarden makke troch Janssen, Wurm, Bezak en Ratchford.

Foto: UNIS Flyers

Nei inkelde dagen folop yn it nijs west te hawwen, wat de sluting fan de iishockeyhal op It Hearrenfean oanbelanget, kamen de Flyers yn Zoetermeer foar it earst op foarsprong. Janssen en Wurm setten de Feansters yn de twadde perioade op 0-2.

Van Rijswijk makke dêrnei al rap de oanslutingstreffer, mar koe net foarkomme dat Bezak der wer 1-3 fan makke. Yn de tredde perioade rûn UNIS Flyers út nei 1-4 troch in goal fan Ratchford. Dêrmei wie de winst foar de Flyers binnen.

(advertinsje)