VC Snits ferliest kostbere punten tsjin Eurosped

08 des 2018 - 23:02

Yn in spannende wedstriid tsjin direkte konkurrint Eurosped Almelo hat VC Snits kostbere punten lizze litten. Yn Almelo waard der mei 3-2 ferlern fan de nûmer twa fan de earedifyzje. VC Snits stie tredde en koe mei winst tichter by de top twa komme, mar slagge hjir net yn. De ploech sakket hjirtroch in posysje op 'e ranglist.

(argyffoto) - Foto: Orange Pictures

Yn 'e earste set wie it Eurosped dy't it inisjatyf naam en de set like te winnen. Doe't de thúsploech in 21-19 foarsprong pakte, like de set spile. Troch noch mar ien punt fuort te jaan wûn VC Snits de set dochs noch: 24-26. Yn de twadde set waard VC Snits dominanter en koe ek dy set byskreaun wurde. It waard dêryn 19-25 en dêrmei kamen de Snitser froulju op in 2-0 foarsprong.

Spannende wedstriid

Fan de tredde set ôf waard de wedstriid folle spannender. Doe't Eurosped in 23-19 foarsprong te pakken hie, joech de ploech dit net nochris út hannen. Mei de setwinst fûn de ploech út Almelo de oansluting. Ek de fjirde set gie aardich lyk op. It wie úteinlik Eurosped dy't dy fjirde set pakte, mei in skoare fan 25-22.

'Reverse sweep'

Yn 'e lêste set fochten beide teams foar de oerwinning. It wie foar Snits de tredde kâns, en foar Eurosped de mooglikheid foar in 'reverse sweep'. Yn in spannende lêste set pakte de ploech út Almelo úteinlik de winst: 15-13.

Troch it ferlies sakket VC Snits mei 19 punten nei it fjirde plak. Zwolle hat wol wûn en stiet mei 20 punten op it tredde plak. Op woansdei 12 desimber hat VC Snits de kâns om it tredde plak wer werom te pakken. Dan spilet de ploech tsjin Zwolle.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(advertinsje)