De Vries krekt bûten poadium yn Alkmaar, Bakker sechsde

08 des 2018 - 22:50

Sjoerd den Hertog hat sneontejûn yn Alkmaar de sechsde KPN Marathon Cup op syn namme skreaun. Den Hertog einige foar Mats Stoltenborg en Robert Post, dy't it poadium kompleet makken. Bêste Fries yn Alkmaar wie Bob de Vries fan De Haule, dy't fjirde waard.

Foto: Tims Imaging

By de froulju wie Anne Tauber fan Oranjewâld de bêste Friezinne. Sy einige op it fjirde plak yn Alkmaar. Bianca Bakker waard sechsde. De winst gie nei Irene Schouten, dy't rydt foar de ploech fan reedrydcoach Jillert Anema. Lisa van der Geest en Imke Vormeer einigen respektyflik as twadde en tredde.

(advertinsje)