FIDEO: Aris nei minne begjinfaze ûnderút tsjin Leiden

08 des 2018 - 21:31

De basketballers fan Aris binne sneontejûn nei in minne begjinfaze ûnderút gien tsjin Leiden. Yn it Kealledykje yn Ljouwert ferlear de ploech fan coach Tony van den Bosch mei 81-95 fan de besikers.

Sjoch hjir nei de gearfetting, mei kommintaar fan ferslachjouwer Roelof de Vries en âld Aris-coach en no coach fan Donar Erik Braal.

Benammen it begjin fan de wedstriid wie min fan Aris. Leiden rûn al gau út nei in 2-13 foarsprong. Nei it earste kwart makken de besikers der 15-29 fan en it gat fan 14 pyunten bleaun langt stean. Aris koe stadichoan wol wat punten ynrinne op Leiden. Yn it twadde kwart kamen se op sân punten en yn it tredde kwart kamen se nochris werom oant tsien punten. Mar eltse kear dat it spannend like te wurden, hie Aris pynlike bâlferlies. Nei it tredde kwart stie it 61-75, noch altyd yn it foardiel fan de besikers. De einútslach waard dêrnei 81-95 foar de ploech út Leiden.

Thúsdebút Jonathan Williams

Jonathan Williams makke syn debút yn in thúswedstriid. Tongersdei makke hy syn rentree al út by Weert. Williams rekke yn de tarieding blesseard oan syn knibbel. "It gong goed. Ik woe net mear as 15 minuten spylje, mar ik ha hast it dûebele spile. Dast is in goed teken."

Wedstriid fan de wike

De wedstriid fan Aris tsjin Leiden wie sneontejûn de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)