UPDATE: Brân yn wenpleats Langsweagen ûnder kontrôle

Meardere auto's fan de brânwacht wiene sneontejûn útriden foar in brân yn Langsweagen. It dak fan in wenpleats oan de Hegedyk yn it doarp stie yn 'e brân. It fjoer ûntstie by de skoarstien fan de pleats.
© CAMJO Media
Doe't de brânwacht arrivearre, wiene der gjin minsken mear yn de wenning. Yn 'e stâl by de wenpleats stiene noch wol inkelde hynders; dy binne troch de bewenners yn feilichheid brocht.

Middelbrân

De brânwacht skaalde al gau op nei in middelbrân. Krekt net healve tsienen wie it fjoer ûnder kontrôle. Foar de bewenners sil stichting Salvage oproppen wurden.