Wêr binne de plaknammebuorden fan Kollum bedarre?

08 des 2018 - 20:47

Minsken dy't sneon yn en út Kollum rieden, binne op guon diken gjin plaknammebuorden tsjinkommen. Op ferskate tagongsdiken, lykas de Van Limburg Stirumwei en de Eyso de Wendtstrjitte yn Kollum, binne de plaknammebuorden ferdwûn.

Hoe't dat krekt kin, is net dúdlik. Mooglik hat it te krijen mei de gemeentlike weryndieling yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Kollum heart no noch by de gemeente Kollumerlân c.a., mar giet fan 1 jannewaris 2019 mei Dongeradiel en Ferwerderadiel as ien gemeente fierder.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
Kollum plaknammeboerd
(advertinsje)