Meunsterwinst foar Sportklup Hearrenfean yn Tilburg

08 des 2018 - 20:20

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Tilburg in oertsjûgjende oerwinning behelle tsjin Willem II. Yn it Koning Willem II Stadion waard it úteinlik 1-5 yn it foardiel fan de Friezen. Doelpuntemakkers foar Hearrenfean wiene Mihajlovic, Rienstra, Vlap en Van Bergen (twa kear).

Foto: Orange Pictures

Al nei fyftjin minuten fuotbal kamen de Feansters op foarsprong. Mihajlovic makke de 0-1 yn Tilburg. Lang koe Hearrenfean net fan de foarsprong genietsje. Nei in pass fan topskoarder Fran Sol koe Atakan Akkaynak ienfâldich binnen sjitte: 1-1.

Strafskop

Krekt foar it skoft krige Sportklup Hearrenfean in geweldige mooglikheid om wer op foarsprong te kommen. Willem II-spiler Heerkens pakte Pelle van Amersfoort fêst yn it sechstjinmetergebiet en krige in reade kaart. De penalty waard sûnder problemen ynsketten troch Ben Rienstra.

Foto: Orange Pictures

Nei it skoft wreide Hearrenfean de foarsprong fierder út. Michel Vlap knalde yn de 53ste minút hurd binnen: 1-3. Inkelde minuten letter waard de 1-4 skoard troch Mitchell van Bergen; syn earste doelpunt ea foar Sportklup Hearrenfean. Dêrmei sieten de Friezen op roazen. Yn de 64ste minút sette Van Bergen de stân sels noch op 1-5. Nettsjinsteande flink wat grutte kânsen yn de slotfaze bleau it úteinlik by fiif doelpunten foar de Feansters.

Willem II - SC Hearrenfean 1-5 (1-2) 15. Mihajlovic 0-1, 17. Akkaynak 1-1, 41. Rienstra 1-2, 53. Vlap 1-3, 58. Van Bergen 1-4, 64. Van Bergen 1-5.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus (82.Schmidt), Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra (74. Bruijn), Kobayashi, Vlap, Van Bergen, Van Amersfoort, Mihajlovic (68. Rojas).

(advertinsje)