WK-lotting: Oranjeliuwinnen by Kanada, Nij-Seelân en Kamerûn

08 des 2018 - 18:45

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts, sitte takom jier op it wrâldkampioenskip fuotbal yn groep E. Dêryn treffe de Oranjeliuwinnen Kanada, Nij-Seelân en Kamerûn.

Foto: Orange Pictures

De earste wedstriid fan Nederlân is tsjin Nij-Seelân op 11 juny yn Le Havre. De lotting waard sneontejûn dien yn gastlân Frankryk, op it eilân Île Seguin yn 'e omjouwing fan de haadstêd Parys.

De nûmers ien en twa fan de seis pûlen pleatse har foar de achtste finalen, lykas de bêste fjouwer nûmers trije. De finale wurdt op 7 july spile yn Lyon.

(advertinsje)