FIDEO: In iisapp, de Alvestêdetocht en de finishbôge

08 des 2018 - 18:03

"We sille rekken hâlde moatte mei koarte winters en dus flugger yn aksje komme moatte." Dat sei foarsitter Wiebe Wieling sneontemiddei op de jierlikse ledegearkomste fan de Fryske Alvestêdeferiening. Om dat foarmekoar te krijen, sil der in iismjit-app ûntwikkele wurde. Alle rayonhaden, harren assistinten en de iismasters krije de app.

Foarsitter Wieling sei op de jierlikse gearkomste ek dat de finishbôge op de Bonkefeart der komt, mar letter as tocht. De bôge hie eins dit jier, it jier fan kulturele haadstêd, pleatst wurde sillen, mar dat slagget net. It wurdt no de simmer fan 2019.

(advertinsje)