Sulveren medalje foar Wüst op 1500 meter yn Poalen

08 des 2018 - 16:15

Reedrydster Ireen Wüst hat by de tredde wrâldbeker yn Tomaszów Mazowiecki sulver behelle op de 1500 meter. De olympysk kampioene op dy ôfstân moast op it iis har meardere erkenne yn Miho Takagi út Japan. Wüst einige as twadde yn in tiid fan 1.58.21.

Foto: ANP

Takagi wie mei 1.57.31 aardich rapper as de Nederlânske reedrydster. It brûns gie nei Brittany Bowe út Amearika yn 1.58.25. Yn it wrâldbekerklassemint kaam Takagi oan de lieding mei 168 punten, folge troch Wüst (157) en Bowe (156).

Bûten it poadium

By de wedstriid fan freed einige Wüst noch krekt bûten it poadium op de 1000 meter.

(advertinsje)