Amateurfuotbal: VV Bûtenpost en ONS ûnderút, Harkemase Boys wint yn slotfaze

De fuotballers fan VV Bûtenpost moasten sneontemiddei op it eigen sportpark belies jaan tsjin Flevo Boys. Yn Bûtenpost ferlearen de gasthearen fan de besikers út Emmeloord: 1-3. Yn de tredde difyzje gie ONS Snits ûnderút. Tsjin Noordwijk waard it 1-2. Fuotbalklup Harkemase Boys pakte yn de slotfaze wol trije punten, tsjin Jong FC Grins.
Argyf: Keeper Kevin van der Meulen fan VV Bûtenpost © www.orange-pictures.nl
Al yn de twadde minút kaam Flevo Boys op foarsprong. Krekt nei it skoft lei de bal wer yn 'e touwen en stie Bûtenpost mei 0-2 efter. Rob Dijkstra makke net folle letter de oanslutingstreffer yn de 53ste minút, mar folle fierder kaam VV Bûtenpost net mear. Krekt foar it lêste sinjaal fan de skiedsrjochter makke de ploech út Emmeloord dien wurk: 1-3.

Ferlies foar ONS Snits

Yn de tredde difyzje ferlear ONS sneontemiddei fan Noordwijk. Op it Sudersportpark einige de wedstriid yn 1-2. Alle trije goals waarden makke yn de twadde helte. It iennige Snitser doelpunt kaam fan Yumé Ramos.

Winst Harkemase Boys yn slotfaze

Foar Harkemase Boys einige de wedstriid tsjin Jong FC Grins noch fantastyk. De twa ploegen liken op in lykspul ôf te gean, mar yn de blessueretiid pakten de Harkiten dochs de winst. In doelpunt fan Jochem van Putten betsjutte de 0-1 en dêrmei de trije punten.
© Orange Pictures